Sietse de Vries Kûgels foar Kant
Luisterboek (digitaal)
Sietse de Vries skriuwt misdiedferhalen dy't jo net mear dellizze as jo ienris begûn binne te lêzen. 'Kûgels foar Kant' is spannend en hâldt tagelyk de maatskippij oan it begjin fan de 21ste ieu kritysk tsjin it ljocht. Krekt as resjersjeur Jurre Stapensea stadich fuort driget te glydzjen yn in midlifecrisis, komt er yn 'e kunde mei terrasfilosoof Hedzer Benedictus. Dy hat in eigenaardige teory ûntwikkele oer de ûndergong fan de wrâld, ûntliend oan de filosoof Kant. Stapensea rekket sa fan him ûnder de yndruk dat er, as Benedictus fertocht wurdt fan in moard, oergiet ta sabotaazje fan syn eigen ûndersyk. Ûnderwilens dreamt syn frou Hester fan in nij libben fol aventoer. Har freonskip mei de direkteur fan soarchfersekerder De Frisia lûkt Stapensea, sûnder dat er it yn 'e rekken hat, yn in nij web fan yntriges. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Je leent dit luisterboek bij de online Bibliotheek.