Hylke Speerstra Op redens oer
Luisterboek (digitaal)
De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene wrâldferneamd yn eigen gea. Nammen dy't trochlibje. Manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byinoar riden. Ja, it gie net allinne om de eare; yn earme tiden giet soms noch mear om it jild. Sa foarmje har ferhalen ek in ôfspegeling fan de skerpe sosjale ferskillen en de bikkelhurde striid om it bestean yn de earste helte fan de 20ste ieu. Hjir binne froulju en manlju oan it wurd dy't witte fan bûgen en barsten, fan trochsetten en - somtiden - ek wolris in rare misslach. Op fersyk fan guon fertellers haw ik yn de earste en twadde printinge de nammen fan de fertellers net neamd. Nei oerlis mei de neibesteanden doch ik dat no wol. Mei eare en tagedienens. Want sy binne net allinne myn helden, se binne in foarbyld foar alle Friezen, ek foar de iisprofessionals fan hjoed... Sterke karakters, en hoe sterk wiene se ek fan liif en lea. De 15 ynterviewden fan 1982 soene trochelkoar rom 88 jier wurde! Ynhâld Iisleafde - Anne Visser-van Keimpema (1893-1985) Himpens/Earnewâld De deserteur - Hilbrand Rudolphy (1897-1989) De Gordyk It ferbûn fan Beets - Pyt Dykstra (1895-1986) Nij Beets De erflike ferplichting - Albert Koning (1907-1998) Nijetrine/Wolvegea De faam fan Spaltenbrêge - Easger van der Meer (1889-1987) Grou/Akkrum It geile iis - Bouke de Vries (1907-1988) Sint Nyk De Alvestêderider - Abe de Vries (1907-1995) Dronryp/Parys Sipke Castelein (1911-1995), Wergea/Warten It koarte draachflak - Gepke Fokkema (1895-1986) Feanwâldsterwâl/Hurdegaryp De fiifentweintich-gûne-rider - Piter Brouwer (1904-1985) Langwar/De Wylgen It bline momint - Thys Klompmaker (1903-1987) Aldehaske It wûnder fan Snikswaach - Jolle de Jong (1907-1989) Sniksweach Jaap Slof (1902-2002) De Jouwer Trije oan de stok - Marie de Groot (1911-1999) Wergea Klompen - Pietsje Feitsma (1918-1991) Hilaard/It Hearrenfean Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Je leent dit luisterboek bij de online Bibliotheek.