Lewis Carroll Alice yn Wûnderlân
Luisterboek (digitaal)
Alice is al oer de hûndert jier, mar se is noch altyd fris, fleurich en libben en noch altyd oarsaak fan bewûndering en fermeits foar bern. Sa skreau Tiny Mulder yn har ynlieding yn 1964. En der is wat dat oanbelanget net folle feroare. Noch altyd sprekke de aventoeren fan de lytse Alice ta de ferbylding. Dit harkboek is in moaie gelegenheid om it ferhaal op 'en nij te genietsjen. 'Wy binne hjir allegearre gek,' sei de Siferske Kat tsjin Alice. 'Ik bin gek. Jo binne gek.' - 'Hoe witte jo, dat ik gek bin?' frege Alice. - 'Dat moat wol sa wêze,' andere de Kat, 'oars soene jo hjir net kommen wêze.' 'Hjir' is it Wûnderlân, dêr't it famke Alice yn bedarret en de bjusterbaarlikste dingen meimakket. Se kin harsels lytser en grutter meitsje, wat soms o sa gefaarlik is. Se praat mei de Wite Knyn, de Siferske Kat, de Sabeare Skyldpod, de Boaze Hertekeninginne en noch mear wûnderlike skepsels. Dit klassike boek fol humor foar it jonge - en âldere! - folk is yn tal fan talen fertaald. Fansels ek yn it Frysk. Ynhâld Ynlieding Alice (gedicht) Yn it kninehoal De poel fan triennen In ferkiezingsstriid en in lang refrein De Knyn jout in boadskip Goede rie fan in rûp De bigge en de piper De gekke teebesite It croquetfjild fan de keninginne It ferhaal fan de Sabeare Skyldpod De dûns fan de kreeften Wa hat de taartsjes stellen? De ferklearring fan Alice Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Je leent dit luisterboek bij de online Bibliotheek.