Anny de Jong De Traveliers - Yslik Aktyf
Luisterboek (digitaal)
'Allegearre út de gongen,' brult er yn de ynterkom. Dan begjint er te sprinten. As George de beide tassen te pakken hat, fljocht er by de smelle treppens op mei yn elke hân in tas. It horloazje oan synlinkerpols tikket de lêste sekonden fuort. Hy rêdt it net. Mei de longen op knappen draaft er oer it dek. Mei in swaai goait er beide rêchsekken oer de reling. Se bliuwe in skoftke driuwen. Dan ferdwine se yn it wetter. It duorret noch alve sekonden as mei in knal it wetter omheech spuitet. De Traveliers is in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Oare dielen fan de searje wurde skreaun troch Auck Peanstra en Jan Schotanus. Inhoud Haadstik 1: In fakansjeheit Haadstik 2: In grotfol prikboerd Haadstik 3: Wat in ald wiif Haadstik 4: In pylsa med ollu Haadstik 5: In lyts triuwke of? Haadstik 6: Gjin reklame Haadstik 7: In meunster op in bleat bil Haadstik 8: Spierpine yn de kaken Haadstik 9: Kinst net ien mear fertrouwe Haadstik 10: In horloazje dat foarrint Haadstik 11: In bytsje krap Haadstik 12: It fljocht ut de han Haadstik 13: Wy hawwe se te pakken of net? Haadstik 14: In supermem Haadstik 15: In plestikpude Haadstik 16: Spikers mei koppen Haadstik 17: In Fishermans Friendsuertsje Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Je leent dit luisterboek bij de online Bibliotheek.