Greet Andringa
De diggels fan Che
Luisterboek (digitaal)
Ik wit net mear hoe't syn stimme is. Hy hie ek nea in soad wurden nedich. Dochs wie er dúdlik. Linen, paraboalen, fan alle libben ûntdiene abstraksjes belânen út it boek, fan it boerd, yn ús hollen, op ús proefwurkbledsjes. En dêr hie hy sûnder mis wat mei te krijen. Der kamen earst fiven en seizen doe't wy in oare dosint krigen yn de fjirde. 'Sorry,' seit in frou dy't my mei har koffer yn 'e hoksen rekket. It docht sear. Syn jas is as de pels fan in rôfdier op 'e strún: tûkjes bliuwe der net yn hingjen, hy glidet oeral tuskentroch, sûnder dat it spoaren op him achterlit. Hoe drok it ek is, om him hinne is romte. Nimmen rint by fersin by him op. Greet Andringa skriuwt bysûndere koarte ferhalen. Se fertelt oer jonge minsken libjend op de grins fan 'e folwoeksenheid. Har haadpersoanen binne op 'e siik nei in eigen plak yn it libben en ûntdekke - soms hast ûnbewust - harren seksualiteit. Guon ferhalen spylje yn de medyske wrâld en binne basearre op de ûnderfinings dy't Greet Andringa yn har wurk opdien hat, as ko-assistint en dokter yn de drugshelpferliening. Inhoud De diggels fan Che Nachtbesite De earste kear Ûnbekende soldaat Narcissus De filatelist Ridder Hilbrand Heity Brief oan Ale Út balâns Skobben Spul Op de drompel Trije hûndert meter Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Je leent dit luisterboek bij de online Bibliotheek.