Anny de Jong De Traveliers - Spoaren!
Luisterboek (digitaal)
'Jim hawwe by it fleantúch west.' Hidde ropt fuort fan 'No!' De militêr stekt syn hân op. 'Net lige, asjebleaft. Wy hawwe jim fingertaasten fûn.' De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. 'En do hast de doaskes út it tastel helle.' Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas te stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret: 'Ik ha se wier net.' 'Wat hast der mei dien?' 'Neat,' ropt er. 'Ik ha se fergetten en doe…' De Traveliers is in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân, komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Spoaren! spilet yn Finlân (en hiel even yn Ruslân). Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Je leent dit luisterboek bij de online Bibliotheek.