Sigrid Kingma Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 3
Fryske berneliteratuer; Fjouwer lêzings oer de Fryske literatuer
Luisterboek (digitaal)
Begjin jierren 90 kaam der in hiele groep nije Fryske berne- en jeugdboekeskriuwers nei foaren, en oaren hiene har grutste suksessen. Tink oan Hanneke de Jong, Lida Dykstra, Auck Peanstra, Anny de Jong, Mindert Wijnstra en Eppie Dam. Foarbylden fan resint talint binne Thys Wadman (De oerwinning fan Tido Houtsma) en Ate Grypstra (It beest fan de Westereen). Wat hawwe sûnt 1990 de ûntwikkelingen fan de Fryske berneliteratuer west? Is der in ferskowing yn tema's en binne de maatskiplike feroaringen ek werom te finen by de boeken? Hoe stjoere útjouwerijen it oanbod en hoe kin it dat de jeugdboeken sa sunich fertsjintwurdige binne? Mar boppedat: wat fine bern sels eins fan Fryske berneboeken en hokker tema's hawwe se ferlet fan? Antwurden op dizze fragen sille it paad bleatlizze dat de Fryske berneliteratuer kuierje moatte sil foar de takomst. Sigrid Kingma docht in masterstúdzje Nederlânsk mei byfakken Frysk, is resinsint en dichteres, en is boppedat dwaande mei it skriuwen fan in berneboek. "De literatuer dêr't ik it oer ha sil, is it wurk dêr't ik mei grut wurden bin. Yn de lêzing sil ik sawol troch ferskillende berne-eagen as fan ferskillende ynstitúsjes út nei de berneliteratuer sjen, sadat it hiele fjild oan de oarder komt." Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Je leent dit luisterboek bij de online Bibliotheek.