Zoekresultaten
Resultaat 1 - 12 (van 12)
Rink van der Velde De fjildferhalen
Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn 'e bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichteby kennen. Fiskje en jeie wiene syn lust en syn libben. En harkje nei de ferhalen fan manlju dy't de tiid noch meimakke hiene, dat minsken libje moasten fan fiskerij, mollefangen en de jacht op murden. De fjildferhalen binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan it hâlden en dragen fan minske...
Westerlauwers Fries | 6 uur 44 minuten (582 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2024
Luisterboek (digitaal)
Durk van der Ploeg Ûnder de Seespegel
Ûnder de Seespegel bestiet yn haadsaak út koarte ferhalen dy't yn it waadgebiet spylje. Durk van der Ploeg jout in sfearfolle ympresje fan it lânskip en fan de faak wat iensume personaazjes dy't syn ferhalen befolkje. Faak lûke dy minsken oan de koartste ein. Lykas de polhoeder fan de Bantspolder yn it ferhaal It Keal. Hy besiket in better takomst foar syn húshâlding te bestribjen yn de krisisjierren fan de foarige ieu. Yn Grûn fan ús grûn skriuwt in frou in brief oan har skoansuster yn...
Westerlauwers Fries | 4 uur 59 minuten (224 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2011
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De Traveliers - Fûgelfrij yn de canyon
Der klinkt in lûde knal. 'Hat dy fint in pistoal?' Jelle wurdt bleek om 'e holle. 'Ik wol hjirwei!' 'Nee, stil!' In doar slacht ticht. Hidde en Jelle meitsje har sa lyts mooglik. Se hearre de man praten. Se kinne it net ferstean, mar syn stim klinkt lilk. Hy rint hinne en wer. 'Tsjin wa praat er? Is der nóch ien?' systeret Hidde. Of bellet er?' Se hâlde de siken yn en ha de earen op skerp. Yn dit diel fan de Traveliersrige giet de famylje nei Amearika. Wat is der allegearre oan de hân by de...
Westerlauwers Fries | 2 uur 29 minuten (111 MB) | Afûk, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Sietse de Vries Kûgels foar Kant
Sietse de Vries skriuwt misdiedferhalen dy't jo net mear dellizze as jo ienris begûn binne te lêzen. 'Kûgels foar Kant' is spannend en hâldt tagelyk de maatskippij oan it begjin fan de 21ste ieu kritysk tsjin it ljocht. Krekt as resjersjeur Jurre Stapensea stadich fuort driget te glydzjen yn in midlifecrisis, komt er yn 'e kunde mei terrasfilosoof Hedzer Benedictus. Dy hat in eigenaardige teory ûntwikkele oer de ûndergong fan de wrâld, ûntliend oan de filosoof Kant. Stapensea rekket sa fan...
Westerlauwers Fries | 7 uur 2 minuten (482 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Roald Dahl Jappy en it sûkeladefabryk
Oersetten troch Jan Schotanus
It ferneamde boek fan Roald Dahl, dat ek as fideo in protte bekendheid krigen hat, fertelt it ferhaal fan lytse Jappy, dy't mei pake Jan nei it fabryk fan Willy Wonka giet. Nei't Jappy it fyfde Gouden Tagongskaartsje wûn hie, wêrmei't er tagong krige ta de wûnders fan mynhear Wonka's Sûkeladefabyrk, kaam er yn in wrâld telâne fol geheimsinnige en geweldige ferrassings. Dat sil ek barre mei alle nije harkers fan dit meislepende en ferbjusterjende boek, dêr't al mear as in heal miljoen fan...
Westerlauwers Fries | 3 uur 24 minuten (215 MB) | Koperative Utjouwerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De kwestje fan Quad
As Tsjalling syn nije kilometerteller útprobearret, slacht er oer de kop en ûntdekt er de tiidmasine fan professor Quad. En wat dêr allegearre foar aventoeren achter wei komme... Tsjalling en Anne geane mei op tiidreis, werom nei de terpetiid, werom nei de midsieuwen en dan is der noch in tredde reis nedich, werom nei de 17de ieu. Dan is it winter en mei Anne bewize, dat er hurd ride kin. Inhoud De klap De kilometerteller Op ûndersyk De gong Quad De tiidknikkerts Sneontemiddei De wetten Fier...
Westerlauwers Fries | 5 uur (342 MB) | Koperative Utjouwerij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus Mentha Minnema en it klokkemystearje
As Ferdinand mei syn heit in prachtige antike klok keapje wol foar mem, is de hiele klok ferdwûn! Stellen! Of is der dochs wat oars mei oan de hân? Foardat se it witte sitte Ferdinand en Jeltsje mei Mentha Minnema midden yn in spannend speurders-aventoer. Slagget it harren om mei Pyt Pander fan de resjerzje de saak op te lossen? Harkje nei it hiele ferhaal, dat foarlêzen wurdt troch skriuwer Jan Schotanus sels. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1992 yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud It berjocht...
Westerlauwers Fries | 2 uur 13 minuten (152 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Riemkje Hoogland-Pitstra | Anny de Jong | Jan Schotanus Gefaarlik spul foar Mentha Minnema
Seis aventoeren
Yn dit boek binne seis ferhalen oer de tûke speurder Mentha Minnema byinoar brocht. Bern hiene ideeën foar de plot oandroegen en doe binne de trije skriuwers oan it wurk gien. It levere seis mini-aventoeren op dy't hjirre troch de skriuwers sels foarlêzen wurde. By Anny de Jong giet it earst om in ynbraak yn har eigen hûs, dêr't Grate syn bêst docht, mar de stellerij net foarkomme kin: In bliedend slachtoffer. Har twadde ferhaal spilet him ôf yn de diskowrâld. Mentha Minnema moat der de...
Westerlauwers Fries | 3 uur (181 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De swannen fan Hoxwier
It libben fan de ynwenners fan Fryslân wurdt behearske troch de fraach wa't foar de Spanjerts en tsjin de herfoarming is, of oarsom. De bewenners fan Hoxwier binne tsjin de Spanjerts en dat is oaren net nei it sin. Op in dei binne de swannen fan de state op stjerren nei dea. Is dat it wurk fan de duvel, of is der wat oars oan de hân? Inhoud Ynlieding De Spanjoalen De state Hoxwier Feest Frjemdfolk De foarsizzing Wachtposten De swannen I De reis nei de sted Ljouwert De alchemist Frjemde gasten...
Westerlauwers Fries | 2 uur 16 minuten (151 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus Mentha Minnema en it smokkelmystearje
Ferdinand en Jeltsje (bekend fan Mentha Minnema en it klokkemystearje) helpe de privee-detektive. Yn Straatsburg treft Ferdinand Leontine, in Frysk/Spaans famke, dat ek wol in aventoer mei Mentha Minnema belibje wol. Mar foar har is dit speurferhaal net allinne mar feest. It wurdt har suver te spannend! Harkje nei it boek en lit dy meinimme yn it aventoer! It boek is yn de Mentha Minnema-rige ferskynd yn 1995. Inhoud Skyldpodden Autopech mei slang It Europeeske Parlemint De man mei de snor Telepaty...
Westerlauwers Fries | 3 uur 4 minuten (204 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus Nacht op it eilân
Paul en Eva ha op fakânsje west op Skylge en sille mei de lêste boat nei hûs ta. Stikem geane se noch even fan board om de Sirius te besjen dy't yn de haven leit. Dan fart de boat fuort. Se bliuwe allinne efter op it eilân. Eins fine se dat wol spannend. Mar yn in tsjuster bosk in hutte bouwe falt net ta, hielendal net as it reint. Yn 'e skuorre fan Steatsbos krûpe se dan mar yn it hea. Dy nacht wurdt de skuorre lykwols ek brûkt troch streupers... En dan wurdt it echt spannend!!! Nacht op...
Westerlauwers Fries | 42 minuten (47 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
Yn 1492 sylt Kolumbus mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op om it koartste paad nei Ynje te finen. It wurdt in spannende reis, dy't jimme no meibelibje kinne yn de persoan fan Beart of Bartholomé de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy of Camelia. Der is trouwens noch in hiel koar fan rotten ek oan board, en miskien is it wol oan dy ploech te tankjen, dat de reis rint sa't er rint. It oarspronklike boek is ferskynd yn 2003. Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer. Inhoud De stap, de knap...
Westerlauwers Fries | 2 uur 25 minuten (146 MB) | Afûk, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)