Alles van: Jan Schokker
Resultaat 1 - 4 (van 4)
Jan Schokker De flecht fan Victor
It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch...
Fictie
Westerlauwers Fries | 116 pagina's (ePub2, 0,9 MB) | Elikser Uitgeverij, Leeuwarden | 2020
E-book
Jan Schokker De humor yn
Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha. Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en aparte...
Fictie
Westerlauwers Fries | 99 pagina's (ePub2, 1,2 MB) | Elikser Uitgeverij, Leeuwarden | 2018
E-book
Jan Schokker Kabel en tou
Fiifentweintich jier lyn hat Abe it toufabryk, syn âlden en freonen achter him litten nei't syn twillingbroer Jelle syn freondinne ferovere hat en mei har troud is. Hy is fan hûs weirûn en yn Noarwegen telâne kaam. Yn in opstiging giet er, tegearre mei syn dochter, werom nei Fryslân en as earste nei it famyljebedriuw. Hy liket sa bot op syn broer, dat se meiïnoar ferwiksele wurde. Jelle is no direkteur fan it fabryk en liket fiergeande plannen mei it bedriuw te hawwen. Dat jout in protte ûnrêst...
Fictie
Westerlauwers Fries | 91 pagina's (ePub2, 0,9 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Jan Schokker Tichtby
De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen. ‘Moatst my helpe Ale,’ seit se mei in smoard lûd. ‘Wêr is lytse Lutzen?’ Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn...
Fictie
Westerlauwers Fries | 168 pagina's (ePub2, 1,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book