Zoekresultaten
Resultaat 41 - 43 (van 43)
Riemkje Hoogland-Pitstra Mentha Minnema en it wettermystearje
As Mentha in pear dagen mei Geart en Geeske te farren is op de boat fan Pyt Pander, komt se in saak op it spoar, dy't geheim bliuwe moatten hie. Dus falle der klappen en foar't se it goed en wol yn de gaten hat, sitte se oan kop en earen ta yn de misdiebestriding. Dit saakje rûkt net fris, it rûkt nei fisk! Pas nei in protte aventoeren wit Mentha it safier te krijen dat de polysje de boeven (of binne it boevinnen?) ynrekkenje kin. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1997. Inhoud Mentha kin...
Westerlauwers Fries | 3 uur 3 minuten (178 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it hynstemystearje
Op it hynstekonkoers fan Riis yn Gasterlân wurdt Bearn, in prachtige swarte rún fan acht jier âld, op mysterieuze manier stellen. Marchje en Petra krije aldergeloks de help fan Mentha Minnema by har speurwurk om it hynder werom te krijen. Mar dat liket net bêst... Grate helpt diskear faaks noch wol mear mei as Pyt Pander. Hy is miskien wol fereale en dat lytse hûntsje mei it plakje om it each leveret út en troch ek noch in spoar op. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1992 yn de Mentha Minnema-rige....
Westerlauwers Fries | 3 uur 5 minuten (214 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it hûnemystearje
Mentha Minnema komt in frjemde bistedokter op it spoar, dy't rare dingen mei hûnen útfynt. Stabij Mette fan Jeltsje en Jurjen Risselade is ûntfierd en der binne mear stabijs dy't slachtoffer wurden binne. Nei in protte aventoeren kriget Jurjen in sulveren balkje by de polysje, en dat hie er wol fertsjinne! It ferhaal wurdt foarlêzen troch Anny de Jong, dy't it ek skreaun hat. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1990 yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud It kin alle kanten ut Sneupers en paadwizers...
Westerlauwers Fries | 2 uur 35 minuten (154 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)