Lida Dykstra De skat fan jonker Jan
Luisterboek (digitaal)
Tekla, Timen, Roas en Atse fine it ferskriklik dat jonker Sibe syn state ferkeapje moat. Mar Sibom - sa't elkenien de âlde jonker neamt - kin net oars: it dak lekt. Op de muorren groeit skimmel, de flierren sitte fol môge... Sibom kin it grut ûnderhâld fan Ealamastate net betelje. Jan Hannes Hakbyl fan Walhalla-hotels wol de state graach keapje. Allinnich, dan wurdt it prachtige hûs wol ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in modern hotel. En de fiver en de bosk wurde in swimbad en in golfbaan! Dat mei net trochgean, fine de fjouwer bern. Ealamastate moat bliuwe! As se it ferhaal oer de skat fan jonker Jan hearre, krije se in idee. Sy sille dy skat sykje en fan de opbringsten kin de state opknapt wurde. Mar hoe fynst in skat? Wêr bestiet sa'n skat út? En it alderbelangrykste: hat jonker Jan eins wol écht in skat begroeven yn de tún fan Ealamastate? Of is it mar in leginde...? Ynhâld Ynlieding Yn it grutste geheim 1. In nuver briefke 2. Simmerfakânsje 3. De tsjinpartij 4. Tee mei bokkepoaten 5. It ferhaal fan jonker Jan 6. In putsje foar Olfert 7. De oanwizing 8. In hutkoffer fol snorrepiperijen 9. Professor Atse 10. Ien op ien 11. As in skaad 12. Fiskeman en skieppefrou 13. De twadde koker 14. Dea spoar 15. In straf treast-hapke 16. Klokkespul 17. De x 18. De iiskelder 19. Rêden 20. Beskerme troch it fjoer 21. In koperen kandler 22. It grêf fan jonker Jan 23. Kapitalen nêstinoar 24. Gatten yn 'e tún 25. De skat 26. Olfert nimt ûntslach 27. Aurelia Cornelia 28. Dochs noch 29. Feest 30. De butler Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Je leent dit luisterboek bij de online Bibliotheek.