Anny de Jong It is foar de hearen
Luisterboek (digitaal)
Oan de ein fan de fyftjinde ieu is der rûnom yn Fryslân striid. De Skieringers fjochtsje tsjin de Fetkeapers. En dan ha je noch de hearen fan de ferskillende stêden: se rôvje en plonderje as se de kâns krije. Wa wurdt de baas yn Boalsert? Mei haakbussen (grutte gewearen) en kanonnen fjochtsje se derom. Op libben en dea! Yn dy roerige tiden slute Harm en Peke freonskip, al soene se eins fijannen fan elkoar wêze moatte. ‘Harm, wolsto de mannen har beurs ôfnimme?’ Harm rint nei de keaplju ta en stekt de hân út. Ien fan de mannen sjocht Harm skerp oan. ‘Wachtsje ris, bisto net dy feint yn dy herberge fan Boalsert? Wis, do bist it. Dat mist my net. Wat foar gemien spultsje spilesto, maat?’ Lilk pakt er Harm yn syn wammes. ‘Do smoarge ferrieder, do...’ ‘Loslitte!’ De stim fan Tsjerk Walta bolderet troch de seal. ‘De sinten en fluch in bytsje.’ Stadich helje de mannen de beurs ûnder de jas wei. Wegerje hat gjin sin, mar it is dúdlik dat se it mei grutte tsjinsin dogge. De beide mannen sjogge ferachtlik nei Harm, wylst er de beurzen oankriget. Harm leget it jild mei in reade holle op de tafel. It wurd ferrieder sangeret him troch de holle. Hy is in ferrieder. In ferrieder? Inhoud 1. Ynlieding 2. In berntsje mei twa hollen 3. In heksehan 4. Gjin tiid om in krus te slaan 5. De kop fan de romp 6. In goede reis nei hus 7. Yn it latyn 8. Skytmerakels 9. In fyftjinstiens muorre 10. Stoke dy oven 11. Sa machtich as de miggen 12. Feinten fan de hear 13. Ast de pomp melkst komt der ek wat ut 14. Oer myn lyk 15. Wer ien minder 16. De seine meinimme 17. Sile blinder 18. Wylde meunsters op de muorren 19. Folslein rjochtop 20. It is foar de hearen 21. Wat betsjut dat wurd Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Je leent dit luisterboek bij de online Bibliotheek.