Meindert Bylsma Fan flierefluiters en droechstinners
Kremearkes
Luisterboek (digitaal)
Yn Bylsma syn kremearkes wurdt de lêzer net allinne de mearkewrâld ynlutsen, mar ek op absurdistyske wize konfrontearre mei de wrâld fan hjoed. Krekt as yn mearkeboeken stappe yn dit nije boek fan Meindert Bylsma keningen, reuzen, kabouters en bisten om. It is dan ek in 'mearkeboek', mar Bylsma neamt syn ferhalen kremearkes (krekt mearkes). It binne mearkes op syn wize en hy toant him dêrby tige fantasyryk en in skriuwer dy't it boartsjen mei de taal yn it bloed sit. Dat it 'krekt net mearkes' wêze wolle lit bygelyks de gekjeierige ein fan it ferhaal 'Punt' sjen: 'Moatte wy him no helpe en der de wenstige ein oan breidzje? Sa fan: lokkich kaam de punt ta ynkear, waard in tefreden ppunt en libbe noch lang en lokkich? It soe ôfbreidzen wêze mei in falske stek. Dat dogge wy dus net. Wy binne op in dea punt bedarre, punt út.' Yn Bylsma syn kremearkes wurdt de lêzer net allinne de mearkewrâld ynlutsen, mar ek op absurdistyske wize konfrontearre mei de wrâld fan hjoed, sa as yn Mjirk: 'Jo stean net yn 'e kompjûter,' sei er, sûnder op it skerm te sjen. 'Nee, ik stean hjir,' 'Ha jo in bertebewiis?' 'Nee, dat haw ik net.' 'Dan bestean jo net.' Meindert Bylsma syn (kre) mearkes binne by de tiid. Inhoud 1. Kening dy't dreamde 2. Mjirk 3. Reus 4. Túnkabouter 5. Trollin 6. Skerpskutter 7. Tûzenpoat 8. Jongkeardel 9. Slak 10. Holder 11. Punt 12. Kening dy't garre 13. Earlik man 14. Mychhimmel 15. Kabouterfolkje 16. Spin 17. Ekonomy 18. Protter 19. Hin 20. Mûs 21. Hoanne 22. Spoekespuibistke 23. Ljip 24. Fisker 25. Prinses Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Je leent dit luisterboek bij de online Bibliotheek.