Willem Tjerkstra Beaken foar it minskdom
E-book
Beaken foar it Minskdom is it seisentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gidsen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen en Swart Gat wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2002. Om't de Krúspôle mei syn miuwekoloanje yn In Fryske Odyssee in belangrike rol spilet, is Beaken foar it Minskdom skreaun. Hjiryn wurdt it ferhaal ferteld fan in miuwefolk dat in eilân as wenplak hat. Lykas by de minsken reagearret elke miuw op grûn fan genen en miljeu. De miuwen foarmje yn it begjin in hechte mienskip, dy't letter konfrontearre wurdt mei in firusynfeksje. In grut part fan it folk ferlit it eilân om te ûntkommen oan de sykte, mar it firus slacht deadlik ta. De miuwen dy't op it eilân oerbliuwe, ha te krijen mei migraasje, autoritêr liederskip, evakuaasje fan in oar folk, spionaazje, koalysjefoarming, mobilisaasje en oarloch. It begjin fan in nije generaasje rêdt it folk fan útstjerren. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Je leent dit e-book bij de online Bibliotheek.