Hilda Talsma Frisum Trilogy
E-book
Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele. It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr spuit har famylje raar guod fan, fanwege Betty har reputaasje yn it doarp. It wurdt yn mear as ien opsicht in ûnferjitlike dei. Yn it tredde diel, It geloksbern, stiet Betty sintraal. As Betty nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan har freon Evert en dochter Ymkje witte. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan om har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Dit boek is geskikt foar in breed publyk: meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Hilda Talsma nimt de lêzer mei fleur en faasje mei yn it libben fan de ynwenners fan it moaie doarpke Frisum. In doarp lykas safolle oare doarpen yn Fryslân. De minsken hâlde wol fan in fersetsje, en as it dan feest is wolle de oars sa deeglike maskers noch wolris weifalle en wurdt der hjir en dêr flink bûten de stringen stapt. Dat leveret bytiden hilaryske sitewaasjes op, mar ek pynlike mominten, dy't foar elk werkenber binne. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Meer informatie
Je leent dit e-book bij de online Bibliotheek.